Heldoorn lest foar (Large)

De boargemaster lêst foar!

Geplaatst op 10 juni 2016 om 14:15 | In de categorie:

DAMWALD – Yn de earste wike fan juny is de Fryske Foarlêswike, organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. It ‘Selskip’ stipet de Fryske taal en kultuer en wol mei de Tomke-wurkgroep it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan.

En dizze wike wie it al sa fier: de Fryske foarlêswike. Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen dy’t meidogge oan de Fryske Foarlêswike krije foar alle pjutten fergees it Tomke temaboekje ‘Dat hast goed dien, Tomke!’, dat se mei nei hûs nimme meie.

Yn Damwâld wie it op 8 Juny in útsochte dei. Boargemaster Sicko Heldoorn lies in prachtich ferhaal foar. Sa’n 30 bern fan it pjutteboartersplak wienen te gast by it Kids First bernedeiferbliuw yn De Blokkedoaze. Hja fûnen it ferhaal oer Tomke geweldich. En wêr hienen se noch mear sa’n aardichheid oan? It ketting fan de boargemaster fansels!

Eigen Foto

Deel dit op: