HoofdnieuwsRegionaal

Feanster Music Night en Naomi Mast winners kultuerprizen Achtkarspelen

BUITENPOST – De Feanster Music Night en skriuwster Naomi Mast, beide út Surhústerfean, binne de winners fan de kultuerprizen 2023 yn Achtkarspelen. Dat waard woansdeitejûn 24 maaie bekend makke yn de riedseal yn Bûtenpost. ‘Yn Achtkarspelen is in soad talint oanwêzich. Soms hiel sichtber, mar somtiden ek noch net of minder’, seit wethâlder Tjibbe Brinkman. ‘Dêrom rikke wy dit jier wer twa kultuerprizen út.’

Kultuerpriis en Oanmoedigingspriis jong talint
De sjuery bestie út byldzjend keunstner Hetty Combs, Andries Renema, koördinator Cultuurcentrum de Wâldsang en Dictus Benedictus fan it Kritetoaniel/Teater en Maskelyn út Bûtenpost. Foar beide kultuerprizen ha hja út de nominearren de winners keazen. Foar de ‘Kultuerpriis Achtkarspelen 2023’ wiene sân kandidaten nominearre.

  • Melissa Smedes (blomsierkeunst) – De Harkema
  • Feanster Music Night – Surhústerfean
  • Margriet Kootstra (skriuwster boek) – De Harkema
  • Mariska de Vries (sjongeres) – Twizelerheide
  • Fanfare de Bazuin – Stynsgea
  • Cultuurpodium Maskelyn – Bûtenpost
  • Jeugdbrassband Projunior – Gerkeskleaster/Strobos

Foar de ‘Oanmoedigingspriis jong talint Achtkarspelen 2023’ wiene trije kandidaten nominearre.

  • Naomi Mast (skriuwster toanielstik) – Surhústerfean
  • Frank Bloemhoff (beats) – Surhústerfean
  • Jeugdbrassband Projunior – Gerkeskleaster/Strobos

Kultuerpriis Achtkarspelen

De ‘Kultuerpriis Achtkarspelen’ kent de gemeente ta oan in persoan of organisaasje dy’t de ôfrûne twa jier in weardefolle bydrage levere hat oan it kulturele klimaat yn de gemeente. De ‘Oanmoedigingspriis jong talint Achtkarspelen’ is bedoeld as oanmoediging foar jongerein dy ’t de ôfrûne twa jier in bysûndere prestaasje levere hat op it terrein fan kultuer. De winner fan de ‘Kultuerpriis 2023’ krijt in bedrach fan € 1.000 en de winner fan de ‘Oanmoedigingspriis jong talint 2023’ in bedrach fan € 500.

Dit kan u ook interesseren

Back to top button