HoofdnieuwsRegionaal

Pytsje de Graaf hâldt op as wethâlder fan de gemeente Noardeast-Fryslân

DOKKUM – Wethâlder Pytsje de Graaf (FNP) leit nei mear as 10 jier wethâlderskip har funksje del fanwegen har sûnens. Se makke dat bekend yn in brief oan de foarsitter fan de gemeenteried, boargemaster Johannes Kramer.

 “Us ynwenners, it ferieningslibbben, amtners en rie wol ik tige tanke foar de noflike gearwurking. Ik haw myn wurk altyd mei nocht en wille dien,” skriuwt de Graaf. De portfolio fan wethâlder de Graaf omfiemet kultuer, sport, iepenbiere romte en fasiliteiten en wolwêzen. Wethâlder Breeuwsma nimt sûnt april dit jier de taken fan frou de Graaf oer.

De FNP-politika hat wethâlder west yn Noardeast-Fryslân sûnt de gemeente oprjochte waard op 1 jannewaris 2019. Dêrfoar wie se fan 2011 oant 2018 wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel. Frou de Graaf hat ek tal fan funksjes hân út namme fan de gemeente, ûnder oaren yn it bestjoer fan de Vereniging fan Fryske Gemeenten, it Iepen Mienskipsfûns en Jobinder.

Neffens boargemaster Kramer is de keuze fan frou de Graaf tige spitich, mar ek te begripen: “Frou de Graaf hat in moedich mar dreech beslút naam. Mei it fertrek fan frou de Graaf ferliest ús gemeente in belutsen en werkenbere bestjoerder dy’t ticht by ús ynwenners stie.”

 

Dit kan u ook interesseren

Back to top button