HoofdnieuwsRegionaal

Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

KOLLUMERPOMP – Op tongersdei 18 febrewaris wie it feest by berne-opfang Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp. De lokaasje wurket sûnt 2018 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

Om dit te fieren, wie der in feestje foar de pjutten. It hiele feest stie yn it teken fan de Alvestêdetocht. Der wiene alderhande aktiviteiten betocht, passend by de Alvestêdetocht. Der wie in hindernisbaan by de 11 stêden del, der moast kluund wurde, mûtsen en sjaals oan dien wurde, en de bern moasten ûnder brêgen trochkrûpe. Fansels wie der by dizze Alvestêdetocht ek koek en zopie. It wie in prachtich feest by Thuishuis Pompidoe.

Thuishuis Pompidoe en twatalichheid

Thuishuis Pompidoe is in partikuliere berne-opfang yn Kollumerpomp, yn 2012 opsetten troch Bregtje Kingma. Sy biede berne-opfang, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang yn in eigen romte yn doarpshûs Trefpunt. Ek is der in goede gearwurking mei de basisskoalle.

It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Bregtje, Alie en Froukje prate konsekwint Frysk mei alle bern. Dynke, Lisanne en Inge dogge dat yn it Nederlânsk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Pompidoe west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Alle ûnderdielen binne posityf beoardiele. Yn har einkonklúzje skriuwt de kommisje: ‘It taalbelied fan Thuishuis Pompidoe hat in stevich plak krigen. De pm’ers hawwe sjen litten dat sy de beide talen bewust oanbiede en dat de bern stipe wurde om harren yn in rike taalomjouwing ûntwikkelje te kinnen. Myn kompliminten!’

By it sertifisearringstrajekt krijt Thuishuis Pompidoe begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 265 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Dit kan u ook interesseren

Back to top button