EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

“Amateurs” yn de Colle op 12 jannewaris

KOLLUM – Op de sneontejûnen 17 en 24 novimber 2012 spile Krite Bûtenpost, beide kearen foar in folle seal, de klucht “Amateurs”. It waard in grut súkses. Alle reden foar bestjoer en spilers om út te sjen nei mear optredens. Yn oerlis mei sealesintrum De Colle yn Kollum is besletten om it stik op’e nij oer it fuotljocht te bringen en wol op sneontejûn 12 jannewaris 2013 om 20.00 oere. Foar elk dy’t dit bysûndere stik noch net sjoen hat of it gewoan nochris sjen wol is dit in prachtige gelegenheid én foar de Kollumers yn de spilersploech, Remco de Poel en Amarens de Vries, is it fansels wol hiel bysûnder om yn eigen doarp te spyljen.

Koarte ynhâld.                                                                                                                                      Yn it stik, ek spile yn it ramt fan 90 jier Fryske Krite, sjocht it publyk efter de skermen fan it toanielselskip “Fryske Krite” fiif repetysjes (kin ek seis wêze) foar de útfiering fan harren stik “Julia’s reis”. It selskip hat besletten om it dit jier hiel oars te dwaan. Profesjoneler én in stik mei mear ynhâld. De fêste regisseur, ien fan de eigen minsken, hat plak makke foar Jos, in dosint drama dy’t de saken hiel oars oanpakt. Net elkenien kin hjir sa’t it liket likegoed mei út de fuotten. Dêrby spylje dan ek noch de relaasjes ûnderling … Wa docht it mei wa? In stik mei drama, tragyk, komeedzje en klucht .. mear smaken bin der net.

Kaartferkeap.                                                                                                                                         Kaarten kinne reservearje wurde by Rosa Stiksma (bestjoer Krite), 0511 543309. In e-mail nei De Colle, [email protected], is ek foldwaande foar al wer in noflike toanieljûn. Kaarten foar de foarstelling fan “Amateurs” binne 9 euro it stik. Op de jûn fan de foarstelling binne fansels ek kaarten te besetten. De seal is iepen fan 19.00 oere ôf.

 

Foto’s: H. Boorsma/A. Kamstra

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button