HoofdnieuwsRegionaal

FNP hoe komt it mei ús hierwenningen

KOLLUM – FNP Noardeast Fryslân hat noed oer de drigende oerspanning fan de wenningmerk. Yn it westen is de wenningmerk al oerspant en dat driget ek yn it noarden. Rûnom yn Noardeast Fryslân is der mear fraach nei boukavels en ek de ferkeap fan besteande wennings rint better as ea te foaren.  FNP Noardeast Fryslân wol dêrom graach ynsjoch oer it ferrin fan de wenningmerk yn de regio Noardeast Fryslân. FNP hat dêrom in tal skriftlike fragen yntsjinne.

Se wolle ûnder oare witte as it by de kolleezjes bekind is dat der in tanimmende druk en fraach is nei sawol keap- as hierwenten en hoe sich dat ta Noardeast Fryslân ferhâldt. Mar ek as de tochte ferkeap fan hierwenten hjirtroch yn in oar deiljocht komt te stean en as der by de wurkseme wenningkoöperaasjes yn Noardeast Fryslân  sjoen de ûntjowingen op de wenningmerk ek sprake is fan beliedsoanpassings. De FNP hat graach in aktueel byld benammen ek om it ferlet fan sosjale hierwenningen en it foldwaan oan de fraach en it ferlet derfan neffens de FNP foar Noardeast Fryslân in pylder fan de wenningmerk is.

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button