EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

Jongerein Fryske Krite Bûtenpost tinkt oan en om de natuer

BÛTENPOST – It jongereintoaniel fan Krite Bûtenpost spilet kommend wykein it stik “Sprookjes bestaan niet, mar mearkes wol!”. In mearke (sprookje) dat fan A oant Z recycle is. Soks jildt net allinnich foar it mearke, mar ek foar de kostúms, it dekor, ja wier alles oan de foarstelling wurdt op’e nij brûkt.

It stik is skreaun troch Bianca Wiersma dy’t efter de keukentafel tegearre mei in stel jongeren frjemde ideeën en nuvere kronkels op papier krigen hat. Vera van Lierop hat passende muzyk en lieten by it stik skreaun, ek hjir wurdt âld guod op’e nij brûkt.

Nei de simmerfakânsje fan 2012 lei it skript klear en waard útein set mei de repetysjes yn De Mienskip yn Bûtenpost.  In ploech fan 12 jongeren wie út de skroeven oer it skript en is der mei oan de slach gien. Yn in koart skoftsje tiid waard troch ymprovisaasje ûndergien wat toanielspyljen is en útfûn hoe’t in personaazje ta libben komt.

Alle remmingen binne oerwûn, de grinzen binne fuort, taalbarriêres binne sljochte, ja Fryslân hat der wer in pear Friezen by. En wêr giet it ferhaal oer ……..??????

Lytse tip: “Assepoetster, de boze Stiefzusjes, de lakei van de prins, Rapuzzel, Roodkapsel, Knijpduimpje” en al dy oaren dy’t der sels graach mear oer fertelle wolle.

Tagong € 3,50. Kriteleden meie fergees nei binnen. In heal oere yn’t foar is de doar iepen. Kaarten binne allinnich oan de seal te besetten.

Flean mei op reis troch it sprookjesrecyclebosk, “Waar alles is zoals het lijkt”, mar neat is sa as it liket.

Sealesintrum The Point: 9 febrewaris 20.00 oere en 10 febrewaris 15.30 oere.

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button