HoofdnieuwsRegionaal

Krite Bûtenpost spilet “Amateurs”

BÛTENPOST – Op de sneontejûnen 17 en 24 novimber 2012, 20.00 oere, bringt it Kritetoaniel yn sealesintrum The Point “Amateurs” oer it fuotljocht. Yn it stik, ek spile yn it ramt fan 90 jier Fryske Krite, sjocht it publyk efter de skermen fan it toanielselskip “Fryske Krite” fiif repetysjes (kin ek seis wêze) foar de útfiering fan harren stik “Julia’s reis”. It selskip hat besletten om it dit jier hiel oars te dwaan. Profesjoneler én in stik mei mear ynhâld. De fêste regisseur, ien fan de eigen minsken, hat plak makke foar Jos, in dosint drama dy’t de saken hiel oars oanpakt. Net elkenien kin hjir sa’t it liket likegoed mei út de fuotten. Dêrby spylje dan ek noch de relaasjes ûnderling … Wa docht it mei wa? In stik mei drama, tragyk, komeedzje en klucht .. mear smaken bin der net. Foarferkeap tagongskaarten: Hedera Bloemen Bûtenpost.

 

 

Efter: Amerens de Vries en Henk Overdijk. Foar: Anneke Nieuwenhuis, Dictus Benedictus, Bianca Wiersma, Frouke Holtrop, Greetje Klaren en Remco de Poel.

(Foto E.J. de Haan)

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button