EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

Kriteminsken Bûtenpost krije sulveren STAFspjelde

BÛTENPOST – Sneontejûn 30 novimber waarden nei de twadde útfiering fan “De grutte fersierder” yn sealesintrum The Point trije minsken fan it Kritetoaniel yn it sintsje set. Dictus Benedictus, Reinold Paauw en Henk Roskammer waarden “riddere” troch bestjoerslid Iebe Bouma fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân. De mannen krigen út wurdearring foar de jierrenlange ynset, 25 jier, op en rûn it toaniel de sulveren STAFspjelde. Henk en Reinold binne beide al 25 jier warber foar Krite Bûtenpost, Dictus wie earst 12 jier yn tou foar Jounswille Stynsgea en no alwer 13 jier foar it Bûtenposter toaniel.

 

Foto: Ernst Jaap de Haan

v.l.n.r.: Dictus Benedictus, Reinold Paauw en Henk Roskammer

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button