HoofdnieuwsRegionaal

Kritetoaniel Bûtenpost yn de prizen

BÛTENPOST – It  ôfrûne  wykein  waarden yn de Ljouwerter Harmonie de slútjûnen fan STAF, Stichting Amateurtoaniel Fryslân, hâlden.  It Kritetoaniel fan Bûtenpost, útkommend yn de Eareklasse, waard dêr  foar har útfiering fan “Lekker Koese”, yn maart dit jier, beleane mei mar leafst 272 punten. Hja wienen dêrmei de bêste yn har klasse. Njonken dizze earste priis die nei de beide slútjûnen ek bliken dat de 272 punten goed wienen foar it predikaat WINNER STAF Toanielkriich 2013-2014. It Kritetoaniel is dêrmei it bêste amateurselskip fan de by it STAF oansletten selskippen yn it ôfrûne winterskoft. Krite Bûtenpost docht sûnt 1950 mei oan de toanielkriich en helle nea earder safolle punten. It âlde rekord stie op 257 punten behelle yn 2007 foar de útfiering fan “Och heden Heit”.

It stik “Lekker Koese” waard spile troch Frouke Holtrop, Dictus Benedictus, Lourens de Zee en Greetje Klaren. Rezjy Rita Wijnsma, ynstekster Gerda Wijnsma, technyk Jan Dijkstra, Marten  Zijlstra en Sieger de Vries, grime Diete Paauw en de dekorbouwers wienen Minze Stiksma en Harrie Nieuwenhuis.

Foto: Frouke Holtrop, Dictus Benedictus, Lourens de Zee en Greetje Klaren .(fotograaf Ernst Jaap de Haan)

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button