HoofdnieuwsRegionaal

Meindert Talma nije doarpsdichter fan Achtkarspelen

BÛTENPOST – Tongersdei 26 jannewaris is de gedichtebondel ‘Achtkarspelen in Collage’ fan Wâlddichter Suzan Bosch presintearre. De bondel bestiet út 14 gedichten fan Suzan Bosch en is ûntwikkele troch de gemeente Achtkarspelen. Dêr slút sy har perioade as doarpsdichter mei ôf. Meindert Talma is de nije Wâlddichter / Wâldsjonger fan Achtkarspelen.

Suzan Bosch wie yn de perioade 2014-2016 de tredde Wâlddichter yn de gemeente Achtkarspelen. Suzan Bosch hat yn har perioade as doarpsdichter ferskate gedichten skreaun en foardroegen by bysûndere gelegenheden en eveneminten yn de gemeente. Bygelyks foar it útrikken fan de keninklike ûnderskiedings, by de wolkomstgearkomste foar nije ynwenners en de jierlikse Burendag. Alle gedichten kinne jo fine op www.achtkarspelen.nl.

Meindert Talma is de kommende twa jier Wâlddichter / Wâldsjonger fan Achtkarspelen. Meindert Talma (1968) wennet yn Zuidhorn en is opgroeid yn Surhústerfean. Nei syn stúdzje skiednis yn Grins hat Meindert besletten om muzikant en skriuwer te wurden. Fan 1997 ôf ferskinen fan syn hân trettjin albums, trije romans, in dichtbondel en in ynterviewboek. Meindert hie optredens, solo en mei ferskate muzykformaasjes, oeral yn Nederlân en België. Ein 2017 ferskynt it twadde diel fan syn roman/albumsyklus ‘Nederlands Onbekendste Popster’.

As Wâlddichter / Wâldsjonger wol Meindert de kommende twa jier Frysktalige gedichten / lietsjes meitsje oer bekende en minder bekende ynwenners út de gemeente Achtkarspelen fan likegoed hjoed de dei as út it ferline. Live wol Meindert dy portretten (mei byldmateriaal) fan Wâldsjers útfiere yn de Meindert & Igor & De Jonge Boschfazant & Kesanova Show dy’t eltse twadde tongersdei fan ‘e moanne yn de Kroeg van Klaas yn Grins is en eltse fjirde tongersdei yn Neushoorn yn Ljouwert.

It earste optreden fan Meindert Talma yn ús gemeente sil wêze op snein 12 febrewaris, om 16.00 oere, yn de Petrustsjerke yn Twizel. In nijsgjirrich programma oer de dammer Jannes van der Wal en nei it skoft giet Meindert ‘Werom nei Surhústerfean’. Kaarten kinne jo bestelle fia [email protected]

Om it kulturele en literêre libben yn Achtkarspelen te stimulearjen, hat de gemeente sûnt 2009 in doarpsdichter. De eardere doarpsdichters wienen Sytse van der Werf en Ate Grypstra.

Foto’s : Binne-Louw Katsma

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button