EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

Tet Rozendal yn Bûtenpost

BÛTENPOST – Hikke en tein op Kûkherne fertelt én besjongt Tet Rozendal wûnderdokter Grutte Wopke, Piter Poes, Fedde de Vries en oare ferneamde genêzers, dúvelbanners en piskikers út de Wâlden. Mar hoe sit it mei Tet sels? As jongfaam koe se al dingen dy ‘t in oar net koe en seach se dingen dy ‘t in oar net seach. Se fleach út en learde it libben sjongend, dûnsjend, spyljend.  No is se werom. In folwoeksen frou dy ’t fertelt fan har magy en dy fan de âlde folksferhalen. Is it allegear mar teater of is der mear tusken himel en toaniel? Meitsje minsken de magy? Of is it krekt oarsom?

Tet dûnset tusken echt en ûnecht. Dit docht se tegearre mei har fêste muzykmannen Marius de Boer en Tseard Nauta. Mei in fildersmes of in stompe bile, mar altyd mei humor, enerzjy, sjarme en spiritualiteit. Want tink derom, se bliuwt in wâldpyk. Yn de maaitiid fan 2012 joech Tet troch it fertellen fan ferhalen in soarte fan “foarpriuwke” yn de tunen fan De Krûdhof, dizze kear wurdt it folsleine programma spile.Dit bart allegearre op sneintemiddei 11 novimber 2012.

Oanfang 15.30 uur / Túnkafe De Krûdhof Bûtenpost Foarferkeap Hedera Bloemen Bûtenpost.

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button