HoofdnieuwsRegionaal

Tradysjetrou tradysjes yn stân hâlde

KOLLUM – Op de lêste dei fan it jier makket de FNP him lykas yn oare jierren hurd foar de moaie tradysjes dy’t Fryslân hat, foarrich jier rjochten hja sels in meldpunt op foar tradysjes dy’t yn de knipe komme. De party reizget tradysjetrou op 31 desimber manmachtich by de doarpen lâns mei snobberij en in karbidbus om de jongerein te stypjen en it âlde jier út te knallen. Oeral yn de provinsje wurdt sketten en ek yn Noardeast-Fryslân bin der foar in grut tal lokaasjes fergunnings oanfrege.

“Tradysjes lykas karbidsjitten binne fan grut sosjaal en kultureel belang foar ús hiele regio, it bringt minsken fan alle komôf by inoar en hâld doarp en stêd libben!” Sa beklammet Aant Jelle Soepboer fan de FNP Noardeast-Fryslân.

Foto’s Fokke Jongsma

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button