HoofdnieuwsRegionaal

In healwize famyljefoarstelling fan Tryater

BÛTENPOST – Tryater spile Stamppot Schmidt twa jier lyn mei in protte sukses. In ferfolch wie net te kearen. De foarstelling is op sneintemiddei 20 jannewaris te sjen yn Bûtenpost yn de Riedseal fan it gemeentehûs. Augurken,feeën en stofsûgers sille nea wer itselde wêze nei it sjen fan dizze foarstelling. De ûnferjitlike lietteksten, gedichten fan Annie M.G. Schmidt, binne nei ôfrin nei te lêzen yn it programmaboekje.  Stamppot Schmidt is foar bern ( 6+), mar benammen ek foar folwoeksenen.  De Kommisje Ta Fersterking Fan Fersprieding Fan Ferskes Fan Annie M.G. Schmidt is ree fûn om de minsken te learen hoe’t se stamppot meitsje moatte. Kommisjeleden Koos en Klaas (en Kees) stampe herten,fluittsjetteltsjes en in grut tal muoikes en Royalty ta ien Grutte Panne Mei Poëzy. Mei har sizze wy: Hoerakatee! En Skep Nochris Op! Want hoefolle wurden kensto eins yn it Frysk? Stamppot Schmidt is in nochal absurde foarstelling foar elkenien dy’t jong fan geast is.

De tagongspriis foar folwoeksenen is € 10,00, bern fan 6 o/m 18 jier betelje € 7,50.

 

De oanfangstiid is 16.30 oere en net 19.30 oere sa’t ôfrûne freed yn it Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland stie.

 

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button