RegionaalSport

Ingezonden: FNP op bezoek bij Friese Boys

KOLLUMERZWAAG – It liek der ferline wike sneon wol op dat de foarhoede fan fuotbalferiening Friese Boys út Kollumersweach fersterking hie fan de earste 3 fan FNP Noardeast-Fryslân. Yn read-wite sjeurtsjes kamen Koonstra, Jouta en Soepboer it fjild opdraven. Al gau die bliken dat troch it wiete waar it fjild spitich net bespylber wie. Earlik is earlik, nei wat koarte oefeninkjes wiene wy bliid ta. Eintsjebeslút komme wy better yn’e polityk ta ús rjocht dan op it fuotbalfjild.

Net allinnich de Friese Boys, mar alle sporterij draacht de FNP in waarm hert ta. Sporte is tige wichtich foar de folkssûnens en de koheezje op de doarpen, dêrom moatte wy de foarsjenningen ek goed op peil hâlde. Foar de klups is it fan essinsjeel belang dat harren wedstriden goed en feilich spile wurde kinne. In grut ferskaat oan frijwilligers soarget der yn Kollumersweach foar dat de klup as in klokje rint! Us kompliminten!

Stimme jo 16 maart ek foar goeie sportfoarsjennings? de FNP jout de foarset, koppe jo ‘m der yn?

Dit kan u ook interesseren

Back to top button