HoofdnieuwsRegionaal

Kritetoaniel Bûtenpost spilet Fryske premjêre “Pleinfrees”

BUITENPOST – Op de sneontejûnen 28 febrewaris en 7 maart spylje Lourens de Zee, Andre de Zee, Remco de Poel, Iris Kloosterman, Frouke Holtrop en Jelmar Hoekstra it stik “Pleinfrees”, in Fryske premjêre. “Pleinfrees” is skreaun troch de bekinde Ingelske toanielskriuwer Alan Ayckbourn en yn it Frysk oerset troch Baukje Stavinga.

It is in stik mei seis rolfigueren, en in âld man op de eftergrûn, dy’t allegearre snakke nei kontakt mei in oar. Mar oeral ûntbrekt de oprjochte ynteresse. Se libje allegearre lâns elkoar hinne. Yn 54 sênes, yn ferskate flats, in kantoar, in wenkeamer, in keuken, in kaffee en in hotelbar, sjogge jo in grut tal werkenbere situaasjes foarbykommen yn in wrâld fan iensumens, misbegryp en teloarstelling. Dit allegearre yn in wol hiel bysûnder dekor.

Njonken de al neamde 6 spilers binne foar dizze produksje noch 12 spilers/meiwurkers yn tou of yn tou west. De rezjy wurdt dien troch Lodewyk Riedhorst. The Point, Voorstraat, beide jûnen om 20.00 oere. Seal iepen fan 19.00 oere ôf. [email protected]

 

 

Foto: Ernst Jaap de Haan

Efter: Frouke Holtrop, Lourens de Zee, Iris Kloosterman en Andre de Zee.

Foar: Remco de Poel en Jelmar Hoekstra.

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button