EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

DE FJOUWER TRUBADOERS YN BUTENPOST

BÛTENPOST –  It is gjin reuny, gjin come-back en alhiel gjin ôfskiedstoernee, nee de Fjouwer Trûbadoers binne gewoan wer mei-elkoar by’t paad. Wêrom? Om’t sy maten foar it libben binne en it meitsjen fan muzyk, it betinken fan nije lietsjes én de optredens gewoan te moai en ynspirearjend binne om it net te dwaan. Sadwaande ha Piter Wilkens, Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman de koppen wer byinoar stutsen, de ynstruminten der wer by pakt en in folslein nij program mei in soad nije lieten betocht. Ferskes oer it libben en hoe frjemd at it sa út en troch rinne kin, lieten oer ‘wâldpiken’ en ‘klaaiklúten’ en oare bysûndere bewenners fan ús planeet. It optreden fan de fjouwer wurdt oanfolle mei lieten út harren eardere programma’s. Boppedat sit in middei mei it kwartet mannen fol mei bysûndere ferrassingen.

Sneintemiddei 9 febrewaris 2014

Oanfang 15.30 oere / Sealesintrum The Point Bûtenpost

Organisaasje: Stichting Maskelyn / Ynfo: 0511 541444

 

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button