HoofdnieuwsRegionaal

Legere skoalle de Wel yn Broeksterwâld har offisjeel in trijetalige skoalle neame!

BROEKSTERWÂLD – Fanôf 9 april 2014 mei Kristlike legere skoalle de Wel yn Broeksterwâld har offisjeel in trijetalige skoalle neame! Yn 2011 hat de skoalle har oansluten by it netwurk trijetalige skoallen en wie doe de 50e skoalle. Op it heden binne der  sa’n 65 skoallen belutsen by Netwurk 3TS en likernôch de helte dêrfan binne ek al sertifisearre.

De Wel wie de 30e skoalle dy’t it sertifikaat 3TS-BASIS helle hat. De kwalifikaasje 3TS-BASIS jout oan dat CBS De Wel in goede basis lein hat foar meartalich ûnderwiis yn Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. Skoallen binnen Netwurk 3TS ûntwikkelje  harren ta echte taalskoallen dy’t  breed taalûnderwiis biede oan harren bern. Bern fan in trijetalige skoalle hawwe in better begrip fan de eigen taal en kultuer, behearskje it Nederlânsk

boppegemiddeld en funksjonearje op in heger nivo by Ingelsk. Dy aspekten binne tige wichtich foar it selsbyld fan ’e bern, it partisipearje kinnen yn ’e regionale en nasjonale kultuer en it ree wêzen foar de ynternasjonale takomst. Ut namme fan it Taalsintrum Frysk brocht Eelke Goodijk it gevelboerdsje oan it ljocht. Klaas Fokkinga spruts út namme fan it skoalbestjoer PCBO Dantumadiel.  Dêrnei waard de nije skoalleflagge yn top hesen troch Boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel en de direktrise fan de skoalle, Anna Doornbos.

foto: Nanne Nicolai

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button