EvenementenHoofdnieuwsRegionaal

Toanielpublyk Bûtenpost krijt gjin “Straf” mar “Mutsen”

BUITENPOST – De twadde toanieljûn fan it winterskoft 2012-2013 stiet al wer foar de doar. Nei ús eigen Krite amateurs dy’t yn novimber in prachtige útfiering fan “Amateurs” oer it fuotljocht brochten, stienen de amateurs fan ús toanielfreonen út Dronryp op it program, al hûs-oan-hûs besoarge, mar hja moasten spitigernôch fanwege sykte ôfberjocht dwaan. It bestjoer is der gelokkich yn slagge in weardige ferfanger te finen. Selskip “Mei nije moed” fan Sumar komt nei The Point” mei harren stik “Mutsen”. In prachtich stik oer seis susters dy’t in wykein fan hûs binne. Perfoarst ék gjin straf om nei  te sjen. Jim binne allegearre fan herte wolkom op sneontejûn 2 maart om 20.00 oere yn The Point.

 

It stik:          “Mutsen”  is in komeedzje skreaun troch Crista Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje van der Zee. It stik giet oer 6 froulju, susters fan elkoar, dy’t lykas alle oare jierren mei-inoar in wykeintsje op in paad binne. Troch ferskate tûkelteammen is der tusken de froulju ûnderling wat argewaasje ûntstien. Kinne de susters der foar soargje dat ien en ‘t oar wer goed komt? As groeie de froulju noch fierder út elkoar? Wat foar rol hat âlde bôle yn dit stik? En wat te tinken fan Bollo de Bear.

Kaartferkeap:

Sawol leden as net-leden kinne harren kaarten besette by Hedera Bloemen yn de Tsjerkestrjitte yn Bûtenpost. Foar de dúdlikheid: elk lid hat rjocht op twa kaarten tsjin ledepriis. Mochten der nei de foarferkeap noch kaarten beskikber wêze, dan binne dy op de jûn fan de útfiering oan de seal te keap.

 

Datum:                                     sneontejûn 2 maart 2013

Plak:                                       The Point, Voorstraat 54, Bûtenpost

Begjintiid:                               20.00 oere, seal iepen fan 19.00 oere ôf

Dûnsmuzyk:                            RTV Noordoost-Friesland Drive in Show

 

Nijsgjirrich wurden ….. gewoan komme, want jo witte it, kritejûnen binne noflike jûnen.

Dit kan u ook interesseren

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to top button